Shutlan Axwijk yn de basis

18 aug 2006 - 17:10

Shutlan Axwijk makket freedtejûn syn debút by Cambuur yn de noardlike derby tsjin BV Veendam. Axwijk(20) spile it ôfrûne seizoen by de beloftes fan FC Grins. Hy ferfangt René van der Wey, dy't ferline wike yn 'e wedstriid by AGOVV blessearre rekke.

De nije ferdigener Jayson Trommel wie tongersdei net op 'e training fanwege maleur mei de auto. Hy begjint op de bank.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)