Showcase yn cd-winkel ferbean

17 apr 2010 - 11:40
  • Kraantje Pappie sil optrede by Poort

Muzykhannel Poort oan 'e Foarstreek yn Ljouwert mei gjin live-muzyk yn de saak hawwe op 'de dei fan 'e platewinkel'. De gemeente jout dêr gjin tastimming foar.

Op de ynternasjonale 'record store day' binne wrâldwiid yn cd-saken dy't net by in keten hearre optredens. Unôfhinklike platewinkels, muzykleafhawwers en artysten fiere op dy dei de keunst fan it muzykmeitsjen. Poort hat lykwols al artysten besteld en dy sille dêr ek spylje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)