Shorttrackploech traint yn nije Ljouwerter iishal

08 aug 2015 - 12:24
  • De Elfstedenhal
  • Daan Breeuwsma yn nije iishal

It nasjonale shorttrackteam, mei ûnder oare Sjinkie Knegt en Daan Breeuwsma, hat sneon traind yn de nagelnije iishal yn Ljouwert. De hal wurdt foar it earst brûkt foar trainingen. Shorttrackers moasten oant no ta hieltyd yn Enschede traine, om't Thialf fanwege bouwurksumheden net brûkt wurde kin.

De iismaster hat oant freedtejûn let dwaande west mei de iisflier. Neffens de shorttrackers moat de flier noch wol wat hurdzje. It is foar it earst dat yn Ljouwert nasjonale seleksjes traine. Yn septimber giet de Elfstedenhal iepen foar publyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)