Shorttrackers yn relayfinale

09 mrt 2013 - 17:59

De Nederlânske shorttrackmanljuploech mei Sjinkie Knegt en Daan Breeuwsma hat har sneon by it WK shorttrack yn it Hongaarske Debrecen ienfâldich pleatst foar de finale op it ûnderdiel ôflossing. De manlju mei ek Freek van der Wart en Niels Kerstholt wûnen de heale finale fan Ingelân, Amearika en Ruslân. Snein nimme se it yn de finale op tsjin Súd-Koreä, Ruslân en regearend wrâldkampioen Kanada.

Yndividueel koe Knegt noch net stunte op it WK. De Bantegeaster shorttracker rydt goed, mar komt krekt te koart foar in finaleplak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)