Shorttrackers pakke relaybrûns

10 mrt 2013 - 16:19

De shorttrackmanljusploech mei Daan Breeuwsma en Sjinkie Knegt hat snein by it WK shorttrack yn Hongarije it brûns pakt op de ôflossing. De manlju fan bûnscoach Jeroen Otter einigen yn de finale as fjirde, mar troch diskwalifikaasje fan Súd-Koreä gong it fjouwertal dochs mei in medalje nei hûs. It goud gong nei Kanada. Ruslân pakte it sulver.

Ferline jier hellen de Nederlânske shorttrackers noch sulver by it WK yn Shanghai.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)