Shorttrackers nei relay-finale

18 jan 2014 - 17:48

De Nederlânske shorttrackmanlju ha har sneon pleatst foar de finale op it ûnderdiel ôflossing. Sjinkie Knegt, Daan Breeuwsma, Niels Kerstholt en Freek van der Wart wienen mei oermacht de sterkste yn de heale finale. Freek van der Wart stie nettsjinsteande syn skouderblessuere dochs oan de start.

De shorttrackmanlju gean yn it Dútske Dresden op jacht nei revâns foar ferline jier. Doe pakten se it sulver achter de Russen. De twa edysjes dêrfoar wie de Europeeske titel al foar Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)