Shorttrackers klear foar EK

17 jan 2014 - 12:21

De Fryske shorttrackers Sjinkie Knegt en Daan Breeuwsma sjogge út nei it EK shorttrack dat freed fan start giet yn Dresden. Twa jier lyn helle Knegt noch de Europeeske titel binnen. Foarich jier moast er dizze ôfstean oan Freek van der Wart. Foar Knegt is it EK belangryk, mar syn fokus leit op de Olympyske Spelen yn Sotsji.

Foar Daan Breeuwsma lizze de kaarten wat oars. Breeuwsma wie in skoftke útskeakele troch in firus en moat de kommende tiid oan syn kondysje wurkje. It EK is foar him dan ek mear in test om te sjen hoe fit er is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)