Shorttracker De Laat nei kwartfinales

08 nov 2014 - 15:29
  • Itzhak de Laat (argyffoto)

Shorttracker Itzhak de Laat is by de wrâldbekerwedstriden yn Salt Lake City yn de finalerondes fan de 1000 meter kaam. De Laat hie ek súkses mei de ôflossingsploech. Mei Sjinkie Knegt, Daan Breeuwsma en Freek van der Wart gie De Laat troch nei de heale finales.

Rianne de Vries hat op de 500 meter de kwartfinales berikt. Se die dat mei in persoanlik rekôr op it rappe iis fan de Utah Olympic Oval. Knegt en Van der Wart stean ek yn de finales fan de sprint en de 1000 meter. Daan Breeuwsma sit by de bêste sechtjin op de 500 meter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)