Shorttrack-ekskuzes fan ISU

26 feb 2014 - 19:33
  • Niels Kerstholt leit op it iis nei de teloarstellende finale

It ynternasjonale reedridersbûn, de ISU, hat tajûn dat de shorttrack ôflossingsfinale op de Olympyske Spelen moatten hie. Yn de earste bocht gong Freek van der Wart ûnderút, wêrnei't de Nederlânske shorttrackmanlju kânsleas wienen foar in Olympyske medalje. Yn it shorttrack moat in wedstriid opnij starten wurde as der in falpartij is foar it middelste blokje yn de earste bocht, it saneamde topblok.

Bûnscoach Jeroen Otter sei fuort nei de finale dat de starter in flater makke hie om de finale net opnij te starten.

De ISU hat de bylden weromsjoen en erkent no ek dat de starter mis siet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)