Shimano sponsort Van der Wal

27 nov 2004 - 11:32

De Fryske hurdfytser Eelke van der Wal en syn ploechlieder Piet Hoekstra hawwe in nije sponsor fûn. It is it Japanske bedriuw Shimano dat fytsûnderdielen makket.

Shimano folget de Bankgiroloterij op. Dy luts him yn oktober nei fiif jier werom as sponser. Yn de nije ploech krije acht Nederlânske hurdfytsers en acht út Japan in plakje. De ploech sil as Pro Continentaal team meidwaan oan nasjonale en ynternasjonale wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)