Sherida Spitse skoart yn har 100e ynterlân foar Oranje

07 feb 2015 - 22:33
  • Sherida Spitse (argyffoto)

De Nederlânske fuotbalfroulju ha de oefenynterlân tsjin Tailân mei 7-0 wûn. Foar de froulju is dit it begjin fan de tarieding op it WK, takom simmer yn Kanada. De skoare waard yn Almelo iepene troch Sherida Spitse fan Snits. It wie in jubileumgoal yn har 100e ynterlân.

Tessel Middag soarge foar de 2-0 by it skoft. Yn de twadde helte lieten Eshly Bakker, Lieke Martens, Anouk Dekker, opnij Middag en Kirsten van de Ven it publyk jûchheie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)