Sherida Spitse: Japan is te ferslaan op it WK

19 jun 2015 - 19:35
  • Sherida Spitse (rjochts) op de training op it WK yn Kanada

De fuotbalfroulju hawwe fertrouwen yn it kommende duel tsjin regearjend wrâldkampioen Japan op it WK yn Kanada. Middenfjilder Sherida Spitse út Snits tinkt dat as de Oranje froulju harren eigen spul spylje kinne, se ek Japan ferslaan kinne. Benammen it lêste groepsduel tsjin Kanada hat de 'Leeuwinnen' in soad fertrouwen jûn. Ek oer har eigen spul is Spitse tefreden.

Doel fan de fuotbalfroulju is it pleatsen foar de Olympyske Spelen yn Rio, takom jier. Dêrfoar moatte se by de bêste trije Europeeske lannen op it WK einigje.

As der woansdeitemoarn yn de achtste finale fan Japan wûn wurdt, wurdt dy kâns op pleatsing hiel grut. De wedstriid begjint om 04.00 oere Nederlânse tiid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)