'Shared space' by drokte

23 jun 2011 - 11:53

It ferkearsprinsipe 'shared space' wurket allinnich goed as der genôch drokte is. 'Shared space' hâldt yn dat der gjin ferkearsbuorden of stopljochten stean. It ferkear moat it dan allegear sels regelje. De Noardelike Hegeskoalle Ljouwert hat hjir twa jier ûndersyk nei dien.

As der net folle ferkearsdrokte yn it gebiet is, kin in gemeente dat gebiet better 'gewoan' ynrjochtsje. Probleem by 'shared space' is wol dat in soad minsken de ferkearsregels net witte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)