Shantykoaren trede binnen op

10 maaie 2014 - 17:30
  • Shantyfestival
  • Shantyfestival
  • Shantyfestival

Uteinlik wie it nôch bêst gesellich yn hotel Oostergo en restaurant it Kofskip yn Grou. In bysûnder shantyfestival moast nei dizze binnenlokaasjes útwike fanwege it minne waar.

Yn earste ynstânje in grutte domper om't shantykoar De Pikbroeken fyftjin jier bestiet en grut útpakke soe. Seis shantykoaren, mei yn totaal 225 sjongers, soene optrede op it skip de Frisian Queen, twa skûtsjes en twa preamen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)