Shantykoar dupearre troch waar

09 maaie 2014 - 17:04

It minne waar dat ferwachte wurdt dit wykein soarget derfoar dat guon eveneminten net trochgeane lykas yn Grou. Dêr falt in grut shantyfestival foar in part yn it wetter. Shantykoar de Pikbroeken bestiet 15 jier. Om dat te fieren hiene se foar sneon wat moais betocht. Se soene mei seis shantykoaren, yn totaal mei 225 sjongers, optrede op it skip de Frisian Queen, twa skûtsjes en twa preamen. Mar dit kin troch it minne waar net trochgean.

Net alles is ôfblaasd. Ynstee fan bûten wurdt der no songen yn restaurant It Kofskip en hotel Oostergo.

By moai waar kin der dochs noch bûten songen wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)