SGP-Fryslân lit frou ta

24 des 2002 - 00:00

It bestjoer fan de SGP akseptearret froulju op de list foar de kommende steateferkiezings. Op de listferbining fan SGP en Christen Unie stiet Sietske Leistra op in seisde plak foar de CU. De SGP wol oars gjin froulju ha yn fertsjintwurdigjende organen.

De grutste kâns foar Leistra om yn de Steaten te kommen nei de ferkiezings is as in oar fraksjelid tuskentiids útfalt. Yn dat gefal sil de Fryske SGP de listferbining net opsizze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)