SGP ferdwynt út Fryske steaten

03 maaie 2006 - 11:52

De SGP ferwachtet nei de ferkiezings fan 2007 net mear werom te kommen yn de provinsjale polityk. Dat tinkt SGP-steatelid Otto van der Galiën. De gearwurking mei de ChristenUnie yn de steaten wurdt nei alle gedachten opsein.

De ChristenUnie wol ôf fan de namme fan de SGP yn de listferbining, mar dat is foar de steatkundigen net akseptabel. Op eigen krêft sil it de SGP net slagje in sit te heljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)