Sfinks Hearrenfean moat ticht

28 maaie 2002 - 00:00

Jongereinsintrum Sfinks op It Hearrenfean kriget gjin subsydzje fan de gemeente mear. It Hearrenfean moat 1,3 miljoen euro besunigje. Nei alle gedachten betsjut it beslút de ein fan it jongereinsintrum. Sfinks wie jierrenlang ien fan 'e Fryske poppoadia.

Ek by oare ynstellings yn 'e sektor kultuer en sosjaal-kultureel wurk falle klappen, sa is de ferwachting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)