Seunnenga by Couperusbetinking

04 jun 2013 - 10:55

Sjonger Jankobus Seunnenga spilet op 9 juny by de offisjele betinking fan Louis Couperus yn Den Haach. It is 150 jier lyn dat de bekende skriuwer berne waard. Seunnenga brocht koartlyn de cd 'Melodie: Gedichten van Couperus' út. Op dizze cd hat er gedichten fan Couperus op muzyk setten. 

By de betinking yn it bertehûs fan Couperus sil akteur Thom Hoffman wurk fan de skriuwer foarlêze. Ek wurdt der in plakette ûntbleate troch boargemaster Van Aartsen fan Den Haach. Louis Couperus skreau yn syn libben tsientallen boeken en ferstoar yn 1923.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)