Setubal jout trener Sousa dien

15 sep 2006 - 22:46

De Portugese fuotbalklub Vitoria Setubal hat freed trener Helio Sousa ûntslein. De maatregel is in direkt gefolch fan it ferlies fan ôfrûne tongersdei fan sc Hearrenfean. Setubal gie doe yn Lissabon mei 0-3 ûnderút. Yn de kompetysje giet it ek net goed mei Setubal: ien punt út twa wedstriden.

Sousa wie noch mar tsien moanne trainer fan Setubal. Der is noch gjin opfolger beneamd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)