'Set it troch?' nei museum

13 feb 2012 - 17:29

It spandoek 'Set it troch?' krijt in plakje yn it Reedrydmuseum yn Hylpen. Inisjatyfnimmer Gauke Bootsma fan it museum sil it spandoek tiisdei yn ûntfangst nimme fan de direkteur fan de Dokkumer Vlaggen Centrale. Dat bedriuw hie it spandoek boppe de Bonkefeart ophongen om de feart oan te klaaien en oan te sluten by de Alvestêdekoarts.

It spandoek krijt in fêst plak yn it museum ta oantinken oan de spannende winterperioade fan de lêste wiken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)