Set Gerard Joling yn flam

11 jul 2007 - 11:55
  • it fjoerwurkpakket
  • Erika Terpstra, eigner fan Evuco, is in echte fan

Fjoerwurkbedriuw Evuco op 'e Jouwer bringt tegearre mei sjonger Gerard Joling in sierfjoerwurkpakket op 'e merk. It giet om Maak_me_gek- pakketten. De fjoerpylken wurde makke yn Sina en hawwe nammen as 'Ticket to the tropics' en 'Ik hou d'r van'.

Joling neamt it Jouster inisjatyf in giller. Hy ferwachtet dat er sawat 100.000 pakketten ferkocht wurde. Fans moatte flink ta de bûse: in 'Maak me gek Pakket' kostet 80 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)