Servicepunt Waadsee iepene

04 okt 2004 - 17:50

Kommissaris fan 'e Keninginne Alders fan Grinslân hat moandei yn Ljouwert it servicepunt hanthaveningsgearwurking Waadsee iepene. It servicepunt sil tenei alle aksjes fan organisaasjes dy't it Waad kontrolearje koördinearje.

Ek sil it servicepunt de ynformaasje oer it Waad tusken plysje, dûane, steatsboskbehear en it ministearje fan lânbou befoarderje. It servicepunt moat sa in effisjinter hanthaveningsbelied opsmite.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)