Servicepunt foar frijwilligers

03 nov 2005 - 15:10

Frijwilligers yn Achtkarspelen kinne mei fragen tenei telâne by in nij servicepunt. Dat is bedoeld foar ynformaasje, begelieding en stipe. Fierders komt der ek in platfoarm foar ûnôfhinklik advys oer it gemeentelik frijwilligersbelied.

Yn 'e gemeente Achtkarspelen binne op it stuit mear as 8500 frijwilligers. Dat wurde der alle jierren minder en de gemeente wol dêr wat oan dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)