'Servicebus moat bliuwe'

06 okt 2004 - 11:04

B en W fan Smellingerlân moatte harren by de provinsje sterk meitsje foar de servicebus, fynt de gemeenterie. De provinsje wol de busline opheffe út besuniging. Mar neffens de gemeenterie is de servicebus tige wichtich foar de âlderein yn de gemeente.

It kolleezje hat al yn in brief oan Provinsjale Steaten frege om behâld fan de busline. It iepenbier ferfier yn de provinsje stiet swier ûnder druk troch besunigings fan it Ryk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)