Sertifikaten Frysk útrikt

15 feb 2008 - 14:14

Yn it tsjinstesintrum yn Burgum wurde woansdei 13 sertifikaten útrikt oan meiwurkers fan doarpskranten dy't in kursus Frysk skriuwen folge hawwe. It giet om in proefprojekt. De gemeente Tytsjerksteradiel hat de kursus opset yn de mande mei de Afûk. Doel is mear Fryske stikjes yn de doarpskranten.

Yn it begjin wiene der 17 kursisten, mar yn de rin fan de kursus binne 4 ophâlden. De gemeente is tefreden oer de earste resultaten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)