Sertifikaat foar Talma Hoeve

10 jan 2008 - 17:17

Soarchsintrum Talma Hoeve út Feanwâlden hat as earste yn Nederlân in OER-MKB sertifikaat krigen. De reden dêrfoar is dat yn Talma goed harke wurdt nei wat bewenners wolle.

Yn oare gefallen bepale de meiwurkers hoe't in dei der foar de bewenners útsjocht. No bepale se dat foar in grut part sels. Sa meie se sels witte hoe let se fan 't bêd ôf komme of wannear't se ite wolle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)