Sertifikaat foar kokkelfiskers

30 okt 2012 - 19:37

De kokkelfiskers dy't mei de hân fiskje op it Waad, binne ûnderskieden mei it MSC-sertifikaat. Dat is in erkenning foar duorsume wize fan fiskerij. Sûnt de meganisearre kokkelfiskerij yn 2005 ferbean waard, wurdt op in part fan it Waad mei de hân socht, lykas yn de Oosterschelde. Hânkokkelfiskers krije de skulpen op mei in soart harke mei in net deroan. Op it Waad mei net mear as 2,5 persint fan de folgroeide kokkels opfiske wurde. Ek mei by de natoergebieten fan Skiermûntseach en Gryn net fiske wurde.

De strange regels binne bedoeld om te soargjen dat der genôch fretten bliuwt foar de fûgels op It Waad.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)