Sertifikaat foar hotel Wyswert

22 apr 2002 - 00:00

Hotel Wyswert, it learbedriuw fan 'e CHN-hoteloplieding krijt oare wike woansdei in ISO-sertifikaat. Dat jout oan dat de organisaasje fan it hotel foldocht oan hege kwaliteitsnoarmen.

Sa moat der bygelyks in goede klachteproseduere wêze en in goede beoardieling fan leveransiers. Hotel Wyswert is it earste learbedriuw dat sa'n kwaliteitssertifikaat krijt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)