Sertifikaat foar Friese Wouden

13 sep 2006 - 17:40

Thússoarchynstelling De Friese Wouden krige woansdei in wichtich soarch- sertifikaat fan steatssekretaris Clemence Ross fan folkssûnnens. Sa'n sertifikaat betsjut dat de ynstelling de saken goed foar inoar hat. Neffens de steatssekretaris is der genôch jild foar de thússoarchynstellings.

Soarchkantoar Fryslân hie earder syn soargen útsprutsen oer mooglike jildkrapte. Der soe in miljoenetekoart wêze en it Ryk soe byspringe moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)