Serious Record: 6000 besikers

17 des 2013 - 19:46
  • De band Menhir

Sûnt de start fan Serious Record yn Ljouwert hat de konsertorganisaasje al goed 6000 kaartsjes ferkocht. Oan de rekordpoging, dy't bestiet út 360 oeren non-stop muzyk meitsje, wurkje 400 bands mei. Tiisdeitejûn om 18 oere sieten der 260 oeren op.

De opbringst fan de kaartsjes en in diel fan de baromset giet nei it Glêzen Hûs. Dat giet woansdeitejûn om 21 oere fan start.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)