Serious-Skûtsjesilen súkses

05 aug 2013 - 06:45
  • IFKS

It Serious-Skûtsjesilen by Starum hat snein hast 3000 euro opsmiten. Oan de aksje foar Serious Request fan radiostjoerder 3FM diene tolve IFKS-skûtsjes mei. De skûtsjes sylden trije rûntsjes mei publyk op de Iselmar.

It jild wurdt yn de wike foar de krystdagen oanbean oan de dj's dy't dan in wike yn it Glêzen Hûs sitte. It Glêzen Hûs stiet dit jier yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)