Serenade op Valentijnsdei

30 jan 2007 - 21:05

Minsken dy't har grutte leafde ferrasse wolle mei Valentijnsdei, kinne in koar hiere om in serenade te bringen. Learlingen fan ROC De Friese Poort yn Drachten biede dy service oan. Sij ha in learbedriuw, dat de aksje organisearret.

Doel foar de studinten is dat se der wat fan opstekke. Se meitsje sels bygelyks reklame foar de aksje. It koar bringt de serenade by ien thús of op it wurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)