Sêre terjochte ôfbrutsen

02 jun 2010 - 19:47

De gemeente Boarnsterhim hat by de Ried fan Steat gelyk krigen yn de saak fan de sêre by ytkafee De Cleef yn Akkrum. It kafee moast de sêre fan de gemeente ôfbrekke om't der gjin boufergunning foar oanfrege wie.

Op it momint dat de gemeente yngrypte, wie der neffens de Ried fan Steat noch gjin sicht op in oplossing foar it probleem. De rjochtbank yn Ljouwert hie de eigner fan it kafee earder gelyk jûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)