SER: "Noarden moat neitinke oer Outlet Centers"

04 nov 2015 - 09:42

De noardlike provinsjes moatte fan de Sociaal Economische Raad sa gau as mooglik mei in stânpunt komme oer de Factory Oulet Centers. By dizze winkels wurde grutte partijen guod tsjin hege koartingen ferkocht. By de gemente Assen leit in oanfraach foar sa'n winkel. Mocht dat net slagje, dan wolle de inisjatyfnimmers mooglik útwike nei Drachten as Grins.

Dêrom moat der neffens de SER in mienskiplik stânpunt fan de provinsjes komme. Dêrby moat neffens Gerard Kremer fan de SER wol goed neitocht wurde oer gefolgen foar de besteande middenstân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)