SER Noard-Nederlân sjocht ekonomyske kânsen yn grûngebrûk

21 mrt 2016 - 14:28
  • Grûnbelied

De SER Noard-Nederlân ropt de provinsjes op om de kânsen dy't de grûn biedt foar ekonomyske groei fan it Noarden te brûken. It giet dan om de waarmte dy't yn de boaiem sit, de teelt fan algen, ferfeaning en de opslach fan waarmte, wetterstof en CO2 ûnder de grûn.

Neffens de SER meitsje de negative ûnderfinings mei de gaswinning de diskusje wol in stik dreger. Dochs trunet de organisaasje der by de provinsjes op oan de diskusje te fieren en draachflak ûnder de ynwenners te kreëarjen foar eksperiminten op dit mêd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)