SER krisisloket foar bedriuwen

16 mrt 2009 - 12:05

Der moat ien saneamd krisisloket komme foar ûndernimmers yn Noard-Nederlân. Dêr pleitet de Sociaal Economische Raad, de SER, yn Noard-Nederlân foar.

Provinsjes en gemeenten moatte derby neffens de SER gearwurkje. De oerheden wurkje te folle byinoar del neffens de SER. Der binne bygelyks allerhanne subsydzjes beskikber, mar de ûndernimmers hawwe der gjin sicht mear op. Dêrom wol de SER no ien loket.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)