Sepultura komt nei Wâldrock

24 apr 2003 - 00:00

De Braziliaanske metalband Sepultura is as lêste bûtenlânske band oanlutsen foar Wâldrock 2003. De band stie al earder op it festival yn Burgum, yn 1999 en 1991. Sepultura draait foar in grut part om drummer Igor Cavalera.

Wâldrock wurdt sneon 21 juny hâlden oan de Simmerwei yn Burgum. Ferdield oer twa poadia spylje der 15 bands. Dêrfan binne der twa Frysk. Oare grutte nammen op it programma binne Type O Negative, Iron Maiden, Him en Anthrax.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)