Seppe swimt yn Iselmar

27 feb 2009 - 10:53
  • By Mildaam sochten se fergees om Seppe
  • hjir by Starum is de seehûn foar it lêst sjoen

Seehûn Seppe is nei alle gedachten net mear yn Fryslân. De seehûnekresj yn Pieterburen ferwachtet dat it bist de Iselmar op swommen is nei de Waadsee ta. De kresj krige tongersdei noch in melding dat de seehûn by Starum sjoen wie. Dêrnei waard it stil. Woansdei is by Mildaam noch besocht Seppe te fangen, mar hy wie syn fangers te fluch ôf.

Twa wiken lyn ûntkamen trije seehûnen. Ien waard deselde dei weromfûn. De oare twa binne rûnom yn Fryslân sjoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)