Sephyros wint Aaipop der op út

21 sep 2008 - 16:47
  • It optreden fan Sephyros
  • De winners fan de talintejacht

De Fryske gothic-band Sephyros is winner wurden fan de twadde edysje fan Aaipop der op út, ôfrûne sneon yn doarpshûs De Schalmei yn Hurdegaryp. Sephyros is al sûnt 2002 dwaande, mar hie oant foar koart noch mar ien Frysktalich nûmer.

De band, mei ûnder oare eks-leden fan Autumn, sjongt gewoanwei yn it Ingelsk, mar hie foar dizze talintejacht har nûmers yn it Frysk oerset. Neffens de sjuery sit it mei de 'Aaipop-faktor' fan de band wol goed.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)