Sensuer op bleatfoto's

19 maaie 2009 - 22:43

Keunstner Han Reeder fan Snits is min te sprekken oer de sensuerrearing fan syn eksposysje troch boargemaster Vroegindeweij fan Boalsert. Sy hat neffens Reeder har feto útsprutsen oer twa bleatfoto's fan him. De foto's soene eksposearre wurde op in tentoanstelling yn de Broeretsjerke.

Neffens Reeder fûn de boargemaster de foto's te fier gean. Vroegindeweij sels seit dat de keunstkommisje, dy't ferantwurdlik is foar de tentoanstelling, de foto's wegere hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)