Sensor moat skriezen rêde

10 jul 2003 - 00:00

Studinten fan de universiteit yn Wageningen teste op it stuit in apparaat dat foarkomme moat dat jonge skriezen deameand wurde. It giet om in ynfraread-sensor dy't foarop in meanmasine pleatst wurdt.

De sensor sjocht de waarmte fan it fûgeltsje en soarget der automatysk foar dat de meanmasine optild wurdt. It bûn fan Fryske fûgelwachten hat entûsjast reagearre op it nijs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)