Sensoor Fryslân 40 jier

12 apr 2010 - 21:03

Sensoor Fryslân bestiet 40 jier en dat wurdt kommende moannen fierd mei tal fan aktiviteiten. Der komt in nije slogan: 'Jo belje, wy harkje', in kaarte-aksje en in reuny foar âld-frijwilligers. De eardere SOS Tillefoanyske Helptsjinst hat yn al dy jierren tusken de 300.000 oant 400.000 tillefoantsjes hân.

Frijwilligers fan Sensoor binne 24 oere deis beskikber foar minsken dy't om wat foar reden dan ek om in praatsje ferlegen sitte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)