Sensoaren yn wetterliedings spoare begjinnende lekken op

21 sep 2015 - 13:09
  • Vitens

Vitens sil it Fryske wetterliedingnet foarsjen fan sensoaren. Dy hâlde de tastân fan de liedings yn 'e gaten. Begjinnende lekken kinne dêrmei trochjûn wurde oan in sintraal punt en dan kin gerjochter groeven wurde. Dat skeelt Vitens yn de kosten. No wurdt wol gauris om 'e nocht of op in ferkeard plak groeven.

De sensoaren binne úttest yn Burgum. Se sille no yn it hiele gebiet fan Vitens ynstallearre wurde. De rekken foar drinkwetter sil net omheechgean troch de nije opspoaringsapparatuer, seit in wurdfierder fan Vitens.

De nije foarsjenning is mooglik makke troch in liening fan 150 miljoen euro fan de Europeeske Ynvestearringsbank.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)