Senseodrokte Philips Drachten

15 apr 2009 - 12:49

De meiwurkers fan Philips yn Drachten ha de kommende tiid in soad drokte fan de weromropaksje fan Senseo-apparaten.

Omdat de befeiliging fan sân miljoen apparaten it net goed docht, wurde dy allegearre weromroppen. It fabryk yn Drachten is ien fan 'e lokaasjes dêr't de ûnderdielen ferfongen wurde. Ek op oare plakken yn Europa wurdt dat dien. Yn Nederlân wurde ien miljoen apparaten werom helle. Doel is de Senseo's binnen tolve dagen werom by de eigners te hawwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)