Senioarefestival foar korpsen

27 sep 2003 - 00:00

Op 15 oktober wurdt yn Surhústerfean it earste Noordelijk Senioren Festival foar koaren en korpsen hâlden. Oan it festival dogge njoggen ferienings mei, ûnder har it Fryske Senioare Orkest, de Brassband Fryslân 50+ en Harmonie 2002. De oare ferienings komme út Grinslân en Drinte.

It Kristlik bûn fan muzyk- ferienings organisearret it festival. De tagong is fergees. It festival wurdt hâlden yn de grifformearde tsjerke fan Surhústerfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)