Senariotiim foar sedesaak

17 okt 2008 - 13:59

Boargemaster Bilker fan Kollumerlân hat in saneamd senariotiim oprjochte nei oanlieding fan it lestich fallen fan ferskate famkes yn de buert fan Feankleaster de ôfrûne wiken. Moandei waard in 14-jierrich famke oanrand.

It tiim moat soargje dat de belutsenen goed opheind wurde en goed foarljochte oer wat der no bart. Yn it tiim sitte ûnder oare plysje, gemeente, iepenbier ministearje en GGD. In tiim fan de resjerzje is noch altyd drok dwaande mei it ûndersyk yn de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)