Senario Haanstra oer Waadsee

16 jul 2014 - 14:18
  • Yn it argyf fan de Waadferiening is in senario fan Haanstra fûn
  • Strânljip yn de Waadsee

De Waadferiening hat in ûnbekend senario út de jierren santich fan filmmakker Bert Haanstra ûntdutsen. De film soe de moaie kanten en de bedrigings fan de Waadsee sjen litte moatte, mar is nea makke. Haanstra luts him werom om't hy fûn dat de opdracht te negatyf wie.

De Waadferiening fynt it opfallend dat de ideeën fan Haanstra goed oanslute by de plannen foar in nije Waadfilm fan Ruben Smit, bekend fan de film De Nieuwe Wildernis. Dy film wurdt makke fanwege it 50-jierrich bestean fan de Waadferiening yn 2015.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)