Senaat gear oer weryndieling

05 jul 2010 - 17:24

De Earste Keamer fergadere moandeitejûn oer de fúzje fan fiif Súdwesthoekegemeenten. Tiisdei folget de lêste stimming oer de weryndieling. Goed tritich aksjefierders fan de groep Fan Underen Op wiene nei Den Haach ôfreizge om de gearkomste by te wenjen. Se hoopje dat de Earste Keamer in oare koers folget as de Twadde Keamer en de foarnommen fúzje opkeart.

Kommisjefoarsitter Loek Hermans krige oan it begjin fan 'e gearkomste in protestgedicht op in boerd oanbean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)