Selstraffen foar minskehannel

25 jun 2013 - 15:19

In gesin út Roemenië is tiisdei feroardiele ta finzenisstraffen foar minskehannel. Heit en mem moatte trije en twa jier de sel yn, de âldste soan fan 25 moat seis jier sitte en de soan fan 18 hat in straf fan likernôch twa jier jeugddetinsje oplein krigen fan de rjochtbank yn Ljouwert. It gesin hat fjouwer Roemenen ûnder falske betingsten nei Nederlân helle om te wurkjen. Twa tienerfamkes binne de grutste slachtoffers. Se binne troch de soannen mishannele. Ek moasten se seis dagen yn 'e wike kranten ferkeapje en op snein it húshâlden dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)